V.3 HENDRIKJE JANS 26-3-1769 Sonnegea - 4-1-1836 Sonnegea x Jan Jans Haven, boer, 12-6-1794 Sonnegea 1759 Boekelte - 11-10-1827 Sonnegea sf. Jan Berends en Aaltje Klazen |
Út dit houlik: 1. Aaltje (1792-1847) 2. Martzen (1795-1853) x Aaldert Bruinenberg 3. Lambert (1801-1865) x Antjen Jakobs de Vries 4. Jakob (1804-1880) x Grietje Jans Menger 5. Jantje (1806-1848) x Hermanus Engelboer 6. IJpkje (1811-1846) x Jannes Minzes Scheper
Yn 1832 is Hendrikje Jans eigner fan in hûs en hiem, oardel bunder greide en in bunder boulân yn Sonnegea:
V.4 REINSKJE JANS d.26-12-1771 Sonnegea - 6-5-1835 Aldskoat x Jan Roels Hospes, herbergier, Aldskoat 19-5-1793 30-8-1767 Ketlik - 28-10-1827 Aldskoat sf. Roel Wybes en Martje Willems |
Út dit houlik: 1. Fedde (1795) yn 1814 as plakferfanger yn militêre tsjinst 2. Roel (1799-1854) arbeider yn Aldskoat en Jobbegea, x Hiltje Reitzes de Vries 3. Martzen (1806-1835), tsjinstfaam yn Wolvegea, net troud 4. Uilke (1809-1876) arbeider yn Aldskoat, x Geeske Wolters Heida 5. Martzen (1809-1836) x Jan Siezes de Wolde
Fedde sil yn de Napoleontyske oarlogen sneuvele wêze. Der wiene dus twa dochters mei de name Martzen, de iene neamd nei beppe fan heitekant, de oare nei in suster fan har mem!
Yn 1832 wennet Reinskje Jans yn in eigen hûs "aan het weereinde" fan Aldskoat. Yn 1835 wurdt it foar fl. 250 ferkocht oan timmerman Geert Hoekstra. Op de kaart is te sjen dat it hûs yndie oan in dearinnend ein leit.
Út it doop- en trouboek fan it Skoat:
V.5 LOLTJE JANS 13-2-1774 Nijskoat - 14-8-1830 Gouda x (1) Sipke Aizes (Bosma), boer, Aldskoat 28-12-1794 stoarn yn 1809 x (2) Berend Roelofs Retsma, arbeider 15-11-1771 Nijhoarne - 1-5-1859 Nijskoat sf. Roelof Pieters en Dieuwke Annes |
Út it earste houlik: 1. Ypkjen (1797-1847) x Jan Sjoerds de Haan, boer yn Ketlik 2. Fedde (1804) Út it twadde houlik: 3. Roelof (1811-1859) net troud, arbeider yn Nijskoat 4. Dieukjen (1812-1856) x Albert Jager, arbeider yn Nijskoat 5. Martzen (1817-1851) x Kerst Jellema, komelker yn Nijskoat
Omdat Sipke Aises mennist wie, komt syn doop- of bertedatum net yn it (herfoarme) doopboek fan't Skoat foar. Hy wie widner fan Aaltje Siebes, dy't yn 1791 stoarn wie. Ut syn earste houlik hie Sipke Aizes twa soannen, Siebe en Aize, dy't yn 1811 de namme BOSMA oannamen. Ek Ypkjen brûkt nei 1811 dizze achternamme.
Berend Roelofs nimt yn 1811 de namme RETJES oan, mar neamt him letter altiten RETSMA, krekt as syn broer Klaas. Doe't hy al 80 jier wie, moast hy foarkomme foar de rjochtbank fanwege "het voorhanden hebben van twee zijden versch spek, zonder gedekt te zijn door kwitantie van betaalde plaatselijke accijns". Hy krige in boete fan fl. 50.
In dochter fan Martzen en Kerst Jellema trout wer mei in Jonkman (sjoch numer 2.2.1).
Út it doop- en trouboek fan it Skoat:
V.6 REITZE JANS, arbeider te Aldskoat 21-12-1776 Nijskoat - 24-11-1811 Rotstergaast x Jetske Gerbens, 17-5-1807 Aldskoat 1783 Skuorregea - 23-7-1867 Aldehaske df. Gerben Ruurds en Grietje Jolles |
Út dit houlik: 1. Jan (1809-1888) arbeider Aldehaske, x Baukje Cornelis Veldman 2. Rintske (1811-1829)
Reitze Jans is ferstoarn foardat hy in namme oannimme koe en dêrom docht syn widdo dat foar de bern. Hja kiest de namme DE JONG, mar de bern brûke dizze namme net. Dy neame harren KERKSTRA, krekt as de âldomkes fan heiteskant. Blykber wiene de famyljebannen mei harren eigen omkes net sa sterk dat hja harren ek Jonkman neamden.
Jetske trout yn 1815 mei Eeuwe Sietzes van der Laan.